Lid wordenvind het op de hemrik
https://dehemrik.nl/media/com_jbusinessdirectory/pictures/companies/1605/omrop fryslan.jpg

Omrop Fryslân

Zuiderkruisweg 2 , 8938 AP Leeuwarden

Bedrijfsdetails


Omrop Fryslân is de regionale stjoerder fan Fryslân. Omrop Fryslân makket radio en televyzje yn it Frysk, dêrmei is de omrop de ienige stjoerder fan Nederlân dy’t net yn it Nederlânsk útstjoert. Omrop Fryslân is in sterk merk, fan betsjutting foar de Fryske mienskip as medium dat de kultuer en de mienskipssin yn ús provinsje fersterket. De missie fan Omrop Fryslân is:

Omrop Fryslân wol yn it eigen gebiet it liedend mediabedriuw wêze en midden yn de Fryske mienskip stean.

Stifting Omrop Fryslân is de publike regionale radio- en televyzjestjoerder yn Fryslân. It bedriuw is yn 1988 as selsstannich radiostasjon ûntstien. Fanwegen de status fan it Frysk as twadde rykstaal, makket Omrop Fryslân ek dokumintêres en skoaltelevyzjeprogramma’s foar de lanlike publike omrop. Sûnt 1994 makket Omrop Fryslân regionale televyzje. Sûnt 2000 beskikt de Omrop oer in website. Yntusken is de omrop noch fierder ûntwikkele as multimediabedriuw. De Omrop docht folop mei oan alle fernijjings op it mêd fan nije media en digitalisearring. Sa spylje platfoarms as YouTube, Twitter en Facebook in grutte rol binnen de omrop en dêrneist hat Omrop Fryslân ek eigen applikaasjes foar Android, Apple en Windows bestjoeringssystemen. Omrop Non-Stop, it Koperkanaal en Klipkar TV binne online televyzjestjoerders fan de Omrop. Fryske eveneminten kinne folge wurde fia Omroplive.nl.

Sûnt 2002 hat de Omrop in bestjoersstruktuer mei in Ried fan Kommissarissen, in programmabelied bepalend orgaan (PBO) en in statutêr direkteur as einige en algemiene bestjoerder. De ûnôfhinklikheid fan de (haad)redaksje wurdt yn in redaksjestatút garandearre.

Omrop Fryslân stiet foar de ambysje om it liedend ynformaasjesintrum fan Fryslân te wêzen. De namme ‘Omrop Fryslân’ hâldt yn: regionaal werkenber, aktueel, ûnôfhinklik, betrouber, tagonklik, ûnderhâldend en divers. En fansels: Frysk en fan belang en ynteressant foar elk diel fan Fryslân en foar alle Friezen. Mar Omrop Fryslân is ek it poadium foar maatskiplike diskusje yn dizze provinsje en belutsen by en ûnderdiel fan it deistige Fryske libben. Dat blykt ek út de fiertaal yn de programma’s: it Frysk. In publike omrop is gjin ynstitút foar taalbefoardering, mar Omrop Fryslân is wol ien fan de wichtichste aktoaren yn it belied ta en it behâld en befoardering fan dizze taal.

Omrop Fryslân Reklame soarget foar de ferkeap fan reklameromte op de eigen stjoerders (radio, televyzje en ynternet).

Kalamiteitestjoerder

Omrop Fryslân is de saneamde kalamiteitestjoerder foar Fryslân. Yn gefal fan slimme kalamiteiten fungearret de stjoerder as offisjeel kanaal om it folk te ynformearjen. Omrop Fryslân is mei it each op de alarmmeldings oansletten by it saneamde Nationale Noodnet (NN). Dat ekstra befeilige telefoannet wurket neist alle gewoane kommunikaasjelinen. Om ek draaie te kinnen as de stroom útfalt, beskikt Omrop Fryslân oer in needaggregaat.

Ja

Kaartlocatie

Keurmerk veilig ondernemen

Aed overzicht hemrik

Bedrijvenvereniging De Hemrik

Contactgegevens

Bedrijvenvereniging De Hemrik
Polluxweg 20
8938 AZ Leeuwarden

mail icon secretaris@dehemrik.nl
© 2023 Bedrijvenvereniging De Hemrik